Iepening JK keatsseizoen mei barbecue

Nije bistjoersleden, nije ideeën. Der moast fuotendaliks in trent setten wurde wie it motto Net bern apart op in oare datum, mar meiinoar keatse mei loftkessen en nei de tiid in barbecue Dizze barbecue treflik fersoarge troch de fam. Wiersma (www.wiersmatenten.com) waard besocht troch 80 dielnimmers dy’t harren hjirfoar fan te foaren ynskreaun hienen. It waar wie better dan’t foarspeld wie, prachtich keatswaar, ûnder de barbecue in pear kear in buike en temperaturen fan 13 á 14 graden wat der krekt op troch koe.

Triitich dielnimmers bij it keatsen yn in A en B klasse, in bettere opkomst as ferline jier Yn de A klasse 4 partoeren fan trije, mei in prachtige finale mei wikseljende kânsen De winst gong nei A. Terpstra, Jurriaan Hoekstra en Jan Geart Nutma 2e priis foar Jelle Anema, Anne Piet Tolsma en Jehannes de Jong Yn de B klasse binne 6 partoeren, der waard keatst yn 2 poultsjes fan trije Yn in spannende partij wûn Jehannes Arendz, Wytske Dijkstra en Sjoukje Cnossen de tredde priis. Om priis en preemje gong de winst nei Baukje Stienstra, Geert Retsma en nij lid Jan Watze Wiersma. De twadde priis wie foar Anke Koldijk, Jouke Bonekamp en Klaas van der Veen In tige slagge dei, foar herhelling fetber Meer foto’s steane hjir!

Geplaatst op 16 May 2011